Ek lêst fan in fêstferzen kliko? Omrin jout tips

28 feb 2018 - 10:29

In protte minsken hawwe lêst fan fêstferzen klikobakken. Trochdat it sa hurd friest en de temperatuer ek oerdeis net boppe nul komt, wol it ôffal soms net mear út de bak. By ferskate gemeenten en by hússmoargens-ynsammeler Omrin komme telefoantsjes binnen dat de kliko's net lege binne, meldt wurdfierder Jelmer Helmhout. Omrin jout fia sosjale media tips om de kontainer froastfrij te hâlden: 

-smyt gjin wiet ôffal yn de kontainer en stamp it ôffal net oan

-meitsje it ôffal los mei in skeppe, lis in âlde krante yn de kontainer

-set de bak it leafst net bûtendoar op 'e wyn

Omrin warskôget om gjin sâlt of antyfries yn de bak te dwaan, want dat is skealik foar it miljeu. De wurknimmers fan Omrin hawwe gjin lêst fan de kjeld; it opheljen fan ôffal giet gewoan troch.

Trefwurden: 
Omrin kliko froast kjeld
(advertinsje)