Dieven stelle motor en auto by ynbraak yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
By in ynbraak yn in wenning oan de Spoarstrjitte yn Ljouwert binne tiisdeitejûn in motor en in auto stellen. De motor, in Yamaha 600R mei kenteken MT-77-HZ, waard út de gong helle. De ynbrekkers namen ek de kaaien fan de auto mei en naaiden út mei de Ford Ka. Dy waard letter werom fûn yn in sleat by rekreaasjegebiet Griene Stjer by Ljouwert.
Yn de snie stiene fuotspoaren yn de rjochting fan Camminghaburen, mar dat smiet fierder neat op. De plysje ropt tsjûgen dy't de motor sjogge op om harren te melden.