Plysje nimt auto yn beslach om boete fan mear as 3.500 euro

28 feb 2018 - 09:55

De plysje yn Ljouwert hat tiisdei de auto fan in 69-jierrige frou út Ljouwert yn beslach naam. De frou hie noch in boete fan mear as 3.500 euro iepen stean. Nei it beteljen fan de boete en de sleep- en stallingskosten kin se de auto wer ophelje.

De plysje op It Hearrenfean hat tiisdei in 47-jierrige drankrider út De Jouwer oanhâlden. De man waard op de Fok oan de kant set. Hy ried ek noch mei in ûnjildich rydbewiis.
 

(advertinsje)