Kollum: "Brokje polityk"

28 feb 2018 - 07:34

"Us kommissaris fan de Kening, Arno Brok, is yn betizing. Logysk. Oan de iene kant moat hy alle ferhollânske idioate Friezen ôfhâlde fan op it iis te kommen. Tagelyk wie dat iis de gloarje. De sporters kamen ommers werom fan de Olympyske Winterspelen. En eins moat Arno syn kening no oan de kant reagje en sizze dat de Ljouwerter Krante dochs seit dat it in Fryske ploech wie. Watte, dy Friezen wiene better as miljarden Sinezen. Watte, it hillige fleantúch die in ekstra rûntsje boppe Fryslân en de piloat prate Frysk. Dus Willem, oan de kant, Brok huldiget se wol.

Op it provinsjehûs binne se dêr lykwols wat foarsichtich mei. Wiegel hat it ea in kear dien mei Zandstra en Ritsma. Hy helle fuort de Blauhúster Dakkapel oer de flier, dus wie 't hiel gesellich. Se skonken ek. Mar Wiegel hie gjin tekst en Rintsje en Falko woene it leafst op bêd. Ik moast der fan de redaksje hinne en bewiisde foar de safolste kear dat sjoernalisten neat fan huldigingen meitsje kinne. En de earme sporters dy't no fan de iene huldiging yn de oare rôlje, fine en fûnen it sels freeslik. Dus ik soe sizze Arno, doch mar net. Nearne goed foar.

Dat soe 'k sneontemiddei allegear sizze, doe't Arno dy skitterjende útstalling fan net bekend wurk fan Jopie Huisman yn it lyknammige museum yn Warkum iepene. Ik ha in hân jûn, mar bin trochrûn. Want hy hie dêr in hiel moai ferhaal hâlden oer mienskip. Hy lei it eins better út as dat de kulturele haadstêdelingen dwaan kinne. Sa rekke ik yn betizing. Ik wist net wat ik sizze moast, om t Arno Brok krekt tefoaren mei in pear opmerkings hiele mienskippen oan it wankeljen brocht hie.

Alderearst sei hy dat alle wethâlders in yntegriteitsûndersyk ha moatte. Alle? Safolle yntegere lju binne der net iens om dat allegear te ûndersykjen. En wat is ynteger? No ja, ik bin o sa ynteger, mar at ik efkes dy nije tentoanstelling fan Jopie Huisman oantsjutte kin, sil ik it net litte. Ik bedoel mar, wat foar kritearia wurkje je dan mei. Boppedat, fan elk is wol wat te finen. Ik ha hielendal gjin sin oan einleaze diskusjeferhaaltsjes oer at immen no al of net 17 jier lyn in roltsje drop stellen hat, of in kwartsje út memmes beurs. Oan de oare kant, Nederlân wol dat krekt wol. Wol neat oars dat at lju op in fuotstik stean gean, dêr ek gau wer ôfkwakt wurde. It is hiel fout, mar sa binne wy no ien kear.

En no wolle Brok en syn maten ek noch dat de boargemaster sa'n ûndersyk docht, en dan oan de ried fertelt wat hy útfûn hat. Is dy boargemaster wol ynteger? Wit dy wol wat nepnijs is? En at je no echt oeral de mienskip yn de hobbel ha wolle, is dit wol de wize. Je meitsje in wethâlder noch wichtiger as in riedslid, wylst de ried altyd beslist.

Bestjoerskundige Arno Brok fynt dernjonken, letterlik, dat "gemeenten met aanhoudende bestuurlijke problemen" nije ferkiezings ha moatte. De ried wurket net, hottefilet. Dat losse je net op, nee mar gau in nijen beneame. As soene wy ynienen hiel wat oars stimme. Hoewol, dat soe ek noch wolris kinne.

Mar wat binne "aanhoudende problemen"? Bepale de media dat troch oan de iene saak in soad te dwaan en oer wat oars neat? Nee, ministers, boargemasters en kommissarissen moatte dat bepale. Mar hoe fier giet soks? Sjocht Brok dan ek nei wat in ried beslút? Sokken as Harns en Opsterlân binne ûnnoazel dat se tinke dat se selsstannich bestean bliuwe kinne. Dantumadiel, folstrekt idioat dat de amtners wol mar de riedsleden net fusearje. Mar dat fyn ík. Thorbecke en wit ik noch wa, no ja, wy eins allegearre, ha harren it rjocht jûn sels in beslissing te nimmen. Dêr komme je dus net oan. Sels Amelân en Sint Eustatius bepale it sels. Eilannen binne ommers fan âldsher de plakken wêr't in pear lju om 'e tafel sitten gean en it regelje, sûnder dat se witte fan wat foar partij at se sels binne. Mar dat is in ûnderdiel fan hárren mienskipsgefoel.

Dus no begripe jim wêrom at ik Brok sneon moai gewurde liet."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)