Reedrydtoppers riede har ta op earste natueriismaraton

Twa reedriders út Wynjewâld dogge mei oan de earste maraton op natueriis dy't woansdeitejûn yn Haaksbergen riden wurdt. It binne Arjan Stroetinga en Bianca Bakker.
Nei hûndert meter wer linksôf
Arjan Stroetinga is krekt weromkaam út Sweden dêr't er op natueriis riden hat. "Dêr wie de gefoelstemperatuer min tritich dus ik bin wol wat wend. It falt hjir wol wat ta." Hy hat sin oan de wedstriid yn Haaksbergen. "De earste wedstriid op natueriis is altyd moai, mar nei hûndert meter is it wer linksôf. Op iepen wetter is it aldermoaist, ik hoopje dat dat der noch fan komt." Hy hat spesjale izers foar natueriis, de puntsjes binne wat werombûgd, dan is it makliker weromstjoeren. En watfoar klean docht er oan mei in gefoelstemperatuer fan min fyftjin? "Yn Sweden hie ik wol trije laachjes oan, mar no is ien laachje wol genôch. In wynticht shirt, skynbeskermers, knibbellappen." It reedrydpak hat snijfêste stikken. "As it echt hiel kâld is doch ik myn lycrapak oan en oars myn rubberpak." Hy giet foar de winst, "oars hoechst der net hinne."
Beferzen noas
Ek Bianca Bakker is krekt werom út Sweden, dêr wûn se de earste maratonwedstriid fan de Grand Prix. As tarieding op Haaksbergen is se oan it fytsen. Op de souder trapet se fuotten los. "Dat is myn standert tarieding op in wedstriid, lekker in healoere fytse." Har oerwinning yn Sweden wie de earste kear. "It wie geweldich om te winnen." Fan de kjeld hie se net folle lêst, in soad klean oan en it gesicht bedekt hâlde. "Myn noas is noch wat read om't dy wol beferzen wie, mar it docht net sear." Se hat sin oan de wedstriid. "It is wol oars op de baan, mar dat moat ik ek wol kinne, de fuotten binne goed." De ôfstudearre fysioterapeut krijt it noch drok, mooglik binne der noch mear wedstriden op natueriis en fan it wykein stiet de finale fan de KPN cup yn Amsterdam op it programma. "It soe moai wêze as we mei de ploech in oerwinning helje."
Toppers
Oan de wedstriid yn Haaksbergen dogge mear toppers mei lykas Crispijn Ariëns, Gary Hekman, Bob de Vries en Frank Vreugdenhil, mar ek Olympyske medaljewinners Jorrit Bergsma en Irene Schouten komme yn aksje.
Live
Omrop Fryslân stjoert de maraton live út op radio en telefyzje. De útstjoering begjint om likernôch 18.45 oere. De froulju begjinne om 19.00 oere en ride 80 rûntsjes, de manlju starte om 20.00 oere en dogge 125 rûntsjes.