LIVE: Maraton op natueriis by Haaksbergen

28 feb 2018 - 18:45

Folgje no de earste maraton op natueriis yn Haaksbergen by Omrop Fryslân op telefyzje en radio.

Om 19.00 oere is de start fan de froulju, se ride 80 rûntsjes. De wedstriid fan de manlju begjint om 20.00 oere, sy dogge 125 rûntsjes. Foar telefyzje docht Koos Wieling ferslach en op de radio fertelt Andor Faber wat der op it iis yn Haaksbergen bart.

Oan de wedstriid yn Haaksbergen dogge mear toppers mei lykas Crispijn Ariëns, Gary Hekman, Bob de Vries en Frank Vreugdenhil, mar ek Olympyske medaljewinners Jorrit Bergsma en Irene Schouten komme yn aksje.

De lêste kear dat in maraton op natueriis ferriden waard, wie op 18 jannewaris 2017 yn Noordlaren. Simon Schouten en Lisa van der Geest wûnen dêr doe.

(advertinsje)