Fangrail is mooglike oplossing foar gefaar by PM-kanaal

28 feb 2018 - 07:20

Al jierren wurdt oer praat oer in fangrail by it Prinses Margrietkanaal en it Van Starkenborghkanaal tusken Strobos en Zuidhorn. Neffens guon minsken is de dyk gefaarlik en is in fangrail dé oplossing. Al meardere minsken binne omkaam trochdat se yn it kanaal bedarren. Oardel wike lyn ried ek wer in auto yn it wetter, de bestjoerder koe himsels rêde. Strobos leit yn de gemeente Achtkarspelen en dy gemeente yn maart praat mei de buorgemeenten, plysje en ferkearsdeskundigen om wat oan de situaasje te dwaan.

"In fangrail is ien fan de mooglike oplossingen," seit wethâlder Jouke Spoelstra fan Achtkarspelen. "Mar neffens ferkearsdeskundigen kin dat ek wer gefaar opsmite, omdat minsken hurder ride om't in fangrail in gefoel fan feilichheid jout. Oan de oare kant fan de dyk steane beammen en as minsken yn de fangrail botse kin it sa wêze dat se lansearre wurde en tsjin de beam oanride. Dat kin ek net."

(advertinsje)