Geke Postma wint Biltsk diktee mei mar 1 flater

27 feb 2018 - 22:05

Geke Postma út Sint-Anne hat tiisdeitejûn de twadde edysje fan it Biltsk diktee wûn. Oan it diktee diene dit jier 23 dielnimmers mei. Dat is krekt wat minder as ferline jier doe't der 28 dielnimmers wiene. Geke Postma hie mar ien flater yn it diktee. It dielde twadde plak wie foar Andries Hogenhuis en Rennie Steensma. Se makken beide twa flaters.

It diktee waard dit jier skreaun troch Jan de Groot. Femke Keizer, de winner fan ferline jier, foel no net yn de prizen.

Trefwurden: 
Biltsk diktee Geke Postma
(advertinsje)