Fyts falt fan auto: kettingbotsing by Koarnjum

27 feb 2018 - 22:00

Twa minsken binne tiisdeitejûn licht ferwûne rekke by in ûngelok by Koarnjum. Op de Brédyk foel in fyts fan in auto. De auto derachter moast fol yn de remmen om de fyts te ûntwiken. De auto dêr wer achter knalde der dêrnei boppe-op.

De twa ferwûnen binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Op de dyk ûntstie in ravaazje troch it ûngelok. De dyk hat koarte tiid ôfsletten west foar ferkear.

Trefwurden: 
Koarnjum ûngelok
(advertinsje)