Pleats by Ljouwert wurdt ekoparadys Frijlân

28 feb 2018 - 06:14

It is der no noch ien grutte ravaazje, mar úteinlik moat it in prachtich ekoparadyske wurde. De gemeente Ljouwert hat okkerdeis grien ljocht jûn foar it mearjierreprojekt 'Frijlân'. Oan de Boksumerdyk krekt bûten Ljouwert by de Dairy Campus stiet in fertutearze pleats. In lytse groep Friezen mei it terrein brûke om te wenjen yn Mongoolske tinten en kotta's. De romte dêr omhinne wolle se op ekologyske wize bedongje en beplantsje. Alles mei de filosofy fan de permakultuer: mei respekt foar bisten, natuer, grûnstoffen en inoar.

"It is wichtich dat wy mei-inoar it eksperimint oangean, dat it oars wurdt", seit ien fan de inisjatyfnimmers Irma Abelskamp. "It roer moat om. Dat wit elkenien. Allinnich, it is hiel lestich om wat op te jaan dêr't jo josels komfortabel yn fiele. Dochs is it nedich om te sjen: Hoe kinne wy mei minimale middelen sa maksimaal mooglik ússels rêde. Wy as lytse groep kinne dat sjen litte."

Ofrûne sneon wie de earste 'Hand uit de mouwen dag'. Frijwilligers holpen om rommel fan it lân te heljen en de buorkerij en skuorre op te rêden. Op 18 april giet it Frijlân offisjeel iepen. Dat sil barre troch skoalbern lân ynsiedzje te litten.

(advertinsje)