Stikkene trein: langer ûnderweis fan Zwolle nei Ljouwert
Treinreizgers tusken Zwolle en Ljouwert moatte tiisdeitejûn rekken mei in langere reistiid. Der is in fersteuring yn de treintsjinst tusken Meppel en Stienwyk troch in stikkene trein. De steuring duorret nei ferwachting oant 22.00 oere.