FIDEO: Net of wol it iis op, iismaster Kroes leit út

27 feb 2018 - 20:17

Hoe sit it mei dy Syberyske yslike kjeld dy't ûnderweis wie. Komt er wol of net, of te let? We soene grif op redens kinne, mar dochs wie tiisdei allinnich de iisbaan fan Wikel iepen, en dan ek noch allinnich foar bern. Natueriis liket hielendal ûnmooglik, as wy it advys fan it Frysk IIsbûn leauwe meie. IIsmaster Sytse Kroes praat ús by yn Fryslân Hjoed.

Trefwurden: 
iismaster Sytse Kroes
(advertinsje)