Leech wetter: minder boaten nei en fan It Amelân

27 feb 2018 - 20:04

Rederij Wagenborg skrast tiisdei en woansdei fjouwer boatoertochten fan en nei It Amelân. Reden is de foarseine leechwetterstân. De boaten kinne dêrtroch de havens fan Nes en Holwert net goed berikke. Reizgers moatte dêrom rekken hâlde mei fertragingen. Wol wurdt der sawol tiisdeitejûn as woansdeitejûn in ekstra boat ynset om de oerlêst te beheinen. 

Op woansdei farre de boaten fan 13.00 en 15.00 oere fan It Amelân net. De oanslutende boaten fan 14.00 en 16.00 oere fan Holwert falle dêrtroch ek út. De jûns om 21.00 oere fart der in ekstra boat fan It Amelân en om 22.00 fan Holwert.

Op tongersdei farre de boaten fan 15.00 en 17.00 oere fan It Amelân net en dy fan 16.00 en 18.00 oere fan Holwert ek net. Om 18:00 oere fart der in ekstra boat fan It Amelân en om 19.00 oere fan Holwert.

Wettertaksys farre fanwegen de iisgong net fan moandei 26 jannewaris oant en mei snein 4 maart tusken It Amelân en Holwert en tusken Skiermûntseach en Lauwerseach. De rappe boat falt ek út. Ferfierder Arriva is op de hichte fan de útfal.

(advertinsje)