LF2018-haakte tekkens te sjen yn gemeentehûs Kollum

27 feb 2018 - 19:50

Rûnom yn Fryslân wurdt omraak haakt om dizze simmer it wrâldrekôr 10.000 haakte tekkens te ferbrekken. Op dit stuit is Finlân rekôrhâlder mei 7000 tekkens. It Kulturele Haadstêdprojekt 'Grutste haakte tekken fan de wrâld' wol dat rekôr dit jier ferbrekke. 

Entûsjaste hakers yn Kollumerlân hawwe mei-inoar al sechstich tekkens haakt. Lytse stikjes fan tsien by tsien of tweintich by tweintich sintimeter, dy't letter oan-inoar set binne. In part fan de tekkens binne oant en mei 30 maart te besjen yn it gemeentehûs fan Kollumerlân. De eksposysje waard tiisdeitemiddei iepene.

Haakfreondinnen

Wiepkje Dijkstra út Kollum en Aukje Jensma út Stiens binne grutte freondinnen wurden troch dit projekt. "Wy kamen inoar tsjin yn in fersoargingstehûs yn Stiens. Wiepkje wie dêr oan it haken foar dit LF2018-projekt en doe waard ik ek entûsjast. Sa hawwe wy kontakt hâlden. Earst seinen we 'jo' en 'frou Dijkstra', no neame we inoar by de foarnamme", laket Aukje. 

En dat is krekt de bedoeling fan dit projekt. Dat minsken inoar kennen leare en inoar opsykje om mei-inoar te nifeljen, fertelt inisjatyfnimmer Monique van der Hoek fan de 'Grootste gehaakte deken van de wereld. "Door te werken aan iets kleins, kun je samen iets heel groots maken."

Minsken kinne noch altyd meihake. Op de Facebookside 'Haak je aan. Haken is verbinden' kinne minsken mear ynformaasje fine. De tekkens wurde nei it projekt oan goede doelen jûn.

(advertinsje)