Alde rêdingboaten kinne iis op see wol oan

Troch it winterwaar en it iis kinne guon rêdingboaten net útfarre. De KNRM set no âlde rêdingboaten yn, want dy kinne de iisgong wol oan. Yn Lauwerseach leit 'de âlde' Suzanna klear om út te farren. De âlde rêdingboaten binne fan de Nautische Verenging Oude Redding Glorie. As it wer teitwaar is, is it wachtsjen oant it iis fuort is. Pas dan kinne de reguliere rêdingsboaten ynset wurde.
"Op it Waad lizze fjilden mei iis en dy skowe mei eb en floed mei, en it waait de haven yn. We neame dat papiis," fertelt Sietse van der Wal fan de KNRM. "We moatte no wol in grutter stik bewake, mar op de beropsfeart nei is it wol wat rêstiger. In protte fiskers farre ek net."