Farferbod foar rekreaasjeskippen op Prinses Margrietkanaal

Reedride op natueriis © ANP
Rekreaasjeskippen meie fan tiisdei ôf net mear op it Prinses Margrietkanaal farre. Der is te folle iisgong yn it kanaal. It farferbod jildt ek foar it Van Starkenborghkanaal yn Grinslân. De Fryske marren en binnenwetters sitte ek fol mei iis mar dy falle ûnder provinsjaal tafersjoch. Troch de eastlike wyn driuwt it iis fan de marren it kanaal op.
Rykswettersteat hâldt de situaasje mei ynspeksjes yn 'e gaten. De beropsfeart hat noch net tefolle lêst fan de iisfoarming en kin gewoan troch de kanalen farre.