Reedriders troch it iis sakke op Nannewiid

27 feb 2018 - 17:14

Op it Nannewiid by Aldehaske binne ferskate reedriders troch it iis sakke. Ien gie dertroch en dy koe der net mear út komme. In oare rider woe helpe, mar dy sakke ek troch it iis. Tegearre slaggen se der wol yn op de wâl te kommen. Neffens de berjochten binne op it Nannewiid mear minsken troch it iis sakke. Der wurdt in soad riden op it ûndjippe wetter, al is it iis net betrouber fanwege wekken en sniebuien.

Ek op de Rypstjerksterpolder binne minsken troch it iis sakke.

Trefwurden: 
Nannewiid Aldehaske iis
(advertinsje)