Dizze winterdagen pisje yn de trein? It kin net

27 feb 2018 - 16:59

De froast hat ek gefolgen foar minsken dy't nei it húske moatte yn de trein. De wc's binne de kommende dagen net iepen om se te beskermjen tsjin de froast. Wa't dus mei de treinen fan Arriva reizget, sil op stasjons de blaas leegje moatte.

Trefwurden: 
Arriva trein húskes
(advertinsje)