FIDEO: Loftbylden fan Fryske Waadkust yn de snie
It winterwaar en de snie soargje foar moaie plaatsjes yn de provinsje. Benammen de Fryske Waadkust krige tiisdei in aardich pakje snie. It begûn dêr moandeitejûn al in bytsje, mar tiisdei oerdeis gie it pas echt los. Sjoch nei dronebylden fan it doarp Wierum dat deun tsjin de dyk oan leit.