Fûgelwachtbûn komt mei nije app om fûgelnêsten op te jaan

Boeren en leanwurkers witte dizze maitiid folle better op hokker plakken oft nêsten binne of piken omrinne. In nije app fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten makket dat mooglik. Dêrmei kinne waarnimmingen twa kear sa hurd ynfierd wurde as mei de âlde app en in stik krekter. Der is ek romte foar mear ynformaasje en waarnimmingen fan predatoaren.
Fûgelwachters hoege net mear thús op de kompjûter oan 'e gong en de ynformaasje komt sa folle gauwer beskikber foar boeren en oaren dy't it lân bewurkje. Dat is foaral wichtich as der piken binne, want dy bliuwe net altiten by it nêst. In boer of leanwurker kin dêr dan better op ynspylje. De app is net allinnich foar greidefûgels. Briedfûgels kinne der ek mei meld wurde. Ein dizze wike komt de app 'Fugelwacht' beskikber foar de neisoargers.