Definityf gjin City Jazz mear yn Ljouwert

27 feb 2018 - 15:28

City Jazz Ljouwert hâldt op mei harren aktiviteiten. It bestjoer fynt it te dreech om yn it geweld fan Kulturele Haadstêd 2018 noch plak te jaan oan harren festival. Finansjeel is it net rûn te krijen foar de organisaasje.

Yn 2017 wie it ek al net mooglik in festival organisearje te kinnen. Ek de kommende jierren is dat net mooglik en dêrom wurdt de stekker definityf út City Jazz lutsen.

Trefwurden: 
City Jazz Ljouwert festival
(advertinsje)