''Wenjen op de Waadeilannen is gewoan djoer''

© ANP
Wethâlder Ger Heeringa fan Skiermûntseach hat 'de pest yn' dat de Waadeilannen hieltyd boppe-oan listjes mei hege belestingen einigje, sûnder dat dêr in goede ferklearring by stiet. It CBS rekkenet elk jier út hoe heech dy lêsten binne. Bewenners fan de eilannen binne faak djoer út troch de hege lêsten. Mar neffens Heeringa is der in goeie ferklearring foar. De huzen op de eilannen binne djoer, wêrtroch't de ûnreplikesaakbelesting ek mear jild opsmyt.
De reinigingsrjochten binne heech, om't it ôffal apart mei in skip fan it eilân helle wurdt. Boppedat moatte de lytse gemeenten mei minder ynwenners itselde wurk dwaan as gewoane gemeenten. It oantal amtners is dan ek relatyf grut. Dat Skiermûntseach in soad toeristebelesting krijt, komt neffens Heeringa om't der elk jier in miljoen minsken nei it eilân komt.