Part fan de wurknimmers De Friesland mobyl ynset

27 feb 2018 - 13:51

De fúzje tusken soarchfersekerder De Friesland en Zilveren Kruis hat foarearst gjin gefolgen foar de wurkgelegenheid, mar wol foar minsken har baan. Minsken yn bepaalde funksjes sille foar in part ek op oare fêstigingen har wurk dwaan moatte. Dus net allinnich yn Ljouwert, mar ek yn Apeldoorn of Leiden. It giet dan om in part fan de wurknimmers yn Ljouwert, dy't mei sa'n feroaring rekken hâlde moat.

Trije kearnlokaasjes

Op 8 febrewaris hat de ûndernimmingskeamer fan de rjochtbank bepaald dat de fúzje tusken De Friesland en Zilveren Kruis gewoan trochgean kin. De fêstiging fan Achmea yn Zwolle giet ticht. De lokaasjes Ljouwert, Apeldoorn en Leiden wurde kearnlokaasjes, dêr't it wurk ûnder ferdield wurdt. It kin dus wêze dat minsken dy't earst yn Zwolle by Achmea wurken, skielk nei Ljouwert geane. Mar guon meiwurkers út Ljouwert sille soms ek nei oare lokaasjes moatte. Dat hat te krijen mei de aard fan it wurk. Funksjes dy't sterk bûn binne oan de merknamme De Friesland, bliuwe yn Ljouwert. Bygelyks de ôfdielingen soarch-ynkeap, klantekontakt, kommersjeel belied en kommunikaasje. Mar funksjes dy't algemiener binne, lykas IT, finânsjes, personielssaken en fraudebestriding, wurde ferspraat oer de trije lokaasjes. Dy minsken falle dan ûnder Zilveren Kruis.

It kontakt mei de Friezen

De rjochtsaak wie oanspand troch de ûndernimmingsried fan De Friesland. Se woene behâld fan selsstannichheid en it Fryskeigene fan De Friesland. De direksje wol op dy winsk ynspylje troch mear kontakt mei 'it fjild'. Der komt in advyskommisje mei dêryn minsken fan heech kaliber om it maatskiplik lûd fan de provinsje te hearren. Fierders wol De Friesland 'dialoochtafels' mei boargers organisearje - mei groepen minsken prate oer bepaalde tema's. De merknamme De Friesland bliuwt bestean nei de fúzje mei Zilveren Kruis, seit Van der Hoek. De Friesland is in sterk merk dat sechstich persint fan de húshâldingen yn it Noarden as klant hat. Nei de fúzje mei Zilveren Kruis wurdt dat in belang fan tachtich persint. Dus dêrmei wurdt De Friesland in noch gruttere spiler yn soarchfersekeringen en it kontakt mei soarchoanbieders en polityk.

(advertinsje)