Earste maraton op natueriis yn Haaksbergen

27 feb 2018 - 12:29
  • Maraton op natueriis

De earste maraton op natueriis wurdt woansdeitejûn ferriden yn Haaksbergen. Dat makke wedstriidlieder Willem Hut fan de KNSB bekend, nei't er it iis metten hat yn sawol Haaksbergen as Arnhem. Beide iisferienings dêr wienen noch yn de race, mar yn Arnhem is it iis yn ien bocht noch te min. Dêrtroch krijt Haaksbergen de foarkar. It is net sa dat Arnhem hielendal njonken in maraton grypt. Tongersdeitejûn sil dêr noch in maraton riden wurde.

De maraton yn Haaksbergen set om 19.00 oere útein. De lêste kear dat der in maraton op natueriis ferriden waard, wie op 18 jannewaris 2017 yn Noordlaren. Simon Schouten en Lisa van der Geest wûnen dêr doe.

Live by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert de maraton op natueriis live út op telefyzje fan 19.00 oere ôf. Dan is de start fan de froulju, de wedstriid fan de manlju set om 20.00 oere útein. It ferslach komt fan Koos Wieling. Ek op de radio bliuwe je op de hichte; ferslachjouwer Andor Faber fertelt yn De Jûn fan Fryslân wat der op it iis yn Haaksbergen bart.  

(advertinsje)