Trije lokaasjes mooglik foar wenweinplakken Smellingerlân

27 feb 2018 - 12:12

De gemeente Smellingerlân hat trije lokaasjes op it each foar de útwreiding fan it tal wenweinplakken yn de gemeente. De ôfrûne moanne hat de gemeente ûndersyk dien nei de mooglikheden en dêr binne no trije opsjes útkommen. It besteande wenweinkamp oan de Wetterwille soe útwreide wurde kinne, mar der kinne ek plakken komme yn it griengebiet by de Fennereed of by it gebiet Vrijburch, allegear by Drachten.

It ûndersyk waard troch de gemeente útfierd, yn gearwurking mei WoonFriesland en in hierdersferiening. Ferskate hierders hienen oanjûn wol ynteresse te hawwen yn in nij stânplak. Se joegen oan dat har bern as dy út hûs wolle, gjin plak ha om ek yn in wenwein te wenjen. "Uit het onderzoek is gebleken dat er behoefte is aan twintig plekken. Daarbij kijken we wel naar de plek, bewoners moeten wel kunnen integreren in de wijk waar ze komen," fertelt SP-wethâlder Jos van der Horst.

Ynkoarten moat in folslein útstel oan de gemeenteried presintearre wurde kinne.

(advertinsje)