Soad djoere Jumbo-supermerken yn Fryslân

© Aise van Beets
Fryslân telt in soad djoere Jumbo-supermerken. Dat docht bliken út ûndersyk troch it Konsumintebûn. It bûn kaam derefter dat de Jumbo trije priisklassen hantearret: heech, middel en leech. Dat wurdt bepaald troch de oanwêzigens fan konkurrinten. As der in soad konkurrinten yn de buert sitte, dan binne de Jumbo's goedkeaper. Binne der gjin konkurrinten, dan leit it priisnivo heger.
Yn Fryslân, Grinslân en Limboarch binne eins allinne mar djoere Jumbo's. De goedkeapere Jumbo's sitte benammen yn de Rânestêd. It ferskil yn prizen jildt net allinne yn de winkels sels, mar ek online.