Drank- en drugsrider op It Hearrenfean

27 feb 2018 - 10:32

In 33-jierrige drankrider út de gemeente It Hearrenfean is yn de nacht fan moandei op tiisdei oanhâlden op de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean. Ut in blaastest die bliken dat hy tefolle drank op hie. De man krige in rydferbod fan twa oeren en moat in boete fan 325 euro betelje.

Op deselde Falkenawei waard letter in 32-jierrige bestjoerder út de gemeente Hearrenfean oanhâlden dy't mei drugs op ried. Ut in test die bliken dat de man amfetamine, THC en metamfetamine op hie. Hy krige in rydferbod foar 24 oeren.

(advertinsje)