Reedrydbattle: Gewest Fryslân siket nije reedrydtalinten

Mei tweintich medaljes mei Nederlân weromsjen op in tige suksesfolle Olympyske Winterspelen. Sven, Ireen, Sjinkie en Suzanne hawwe allegearre mei harren toptalint meiholpen om de Nederlânske eare heech te hâlden. Mar dat kinne se net ivich dwaan, oer in pear jier moatte der oare riders stean. Fraach is, hoe fine je dy en hoe soargje je derfoar dat se de goede begelieding krije? Dêr is Gewest Fryslân tiisdei mei dwaande op Thialf op It Hearrenfean.
Reedrydbattle
Se dogge dit mei in reedrydbattle. De battle is bedoeld foar bern fan de basisskoalle dy't noch gjin lid binne fan in wedstriidferiening. In sjuery besteande út topriders lykas Douwe de Vries, Rintje Ritsma en Annamarie Thomas sil de bern beoardielje, en besjen oft se it talint hawwe om de top te berikken. It giet dan net allinnich om talint foar it langebaanriden, mar ek om nije stjerren op keunstredens, de iishockeybaan of yn de shorttrack.
Tiisdei en woansdei binne de foarrondes. Op snein 18 maart is de finale, yn de Alvestêdehal yn Ljouwert.