Ljouwerter (78) oanriden en troch ambulânse nei hûs brocht

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
In 78-jierrige Ljouwerter is moandeitemiddei op in oerstekplak op de Oosterkade oanriden troch in 22-jierrige automobilist út de stêd. De bestjoerder ferliende fuortendaliks help oan it slachtoffer. Dy hie lêst fan it ankel en is mei de ambulânse nei hûs brocht.
De automobilist ferklearre dat hy de man net sjoen hie fanwegen de leechsteande sinne. Der is in blaastest ôfnommen, dêr't út bliken die dat der fan alkohol gjin sprake wie.