Rydbewiis hurdrider De Gordyk yn beslach naam

27 feb 2018 - 07:51

De plysje hat moandeitejûn it rydbewiis fan in 29-jierrige hurdrider út De Gordyk yn beslach naam. De man ried mei in gemiddelde snelheid fan 198 kilometer oer de A7, wylst tagelyk de dykbehearder oan it struien wie tsjin de glêdens. De man helle op guon stikken fan de sneldyk in faasje fan 213 kilometer. Hy is syn rydbewiis yn elk gefal twa moanne kwyt.

Trefwurden: 
hurdrider
(advertinsje)