Hast tsien miljard oan gemeentlike heffingen yn Nederlân

© ANP XTRA
Gemeenten helje oer dit jier hast tsien miljard oan belestingen op. Dit is 2,5 prosint mear as yn 2017. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Allinnich al de ûnreplikesaakbelesting smyt gemeenten sa'n fjouwer miljard euro op. De gemeente Skiermûntseach stiet op it twadde plak mei 537 euro de húshâlding. Ynwenners fan Eaststellingwerf binne mei 109 euro folle goedkeaper út. Wat de reinigingsrjochten en ôffalstoffeheffing oanbelanget: bewenners fan Skiermûntseach, Flylân en It Amelân binne relatyf it djoerst út. De Waadeilannen helje troch de fakânsjegongers ek in soad toeristebelesting binnen.
Hieltyd mear gemeenten skaffe de hûnebelesting ôf. Op Flylân is dy belesting der noch wol en it eilân hellet dêr mei 13,24 euro per ynwenner relatyf it heechste bedrach yn Nederlân mei op.