Kollum: "Eigen bernefeestje earst"

27 feb 2018 - 07:21

"De neifolgjende kollum is gjin yndianeferhaal. Dy is basearre op foarfallen yn ús maatskippij. It sil jim net ûntgien wêze, it bernefeestje yn Tivoli dat net trochgie. Linkse aktivisten hiene nammentlik beswier oantekene tsjin it rasistyske karakter fan it foarnommen cowboy- en yndianefeest. De stommens fan dat protest en de yntinsje dêrfan is sa grut dat ik amper wit wêr’t ik begjinne moat.

Lit ik úteinsette mei fêst te stellen dat it in ymportkwestje is. Net foar de earste kear giet it om wat dêr’t soms yn Amearika oer praten wurdt. Blykber falt it mei it rasisme yn Nederlân sa bot ta, dat der keunstmjittich saken út it bûtenlân wei ymportearre wurde moatte om oandacht te krijen. Want hoe’t je it ek besjogge: cowboys en yndianen ha noait in part fan ús kultuer west. Wy ha wol altyd kij hân, mar de minsken dy’t dêrby omrûnen neamden wy boeren. Of boerefeinten. Yndianen kenne wy hjir net: Friezen komme nei alle gedachten noch it tichtst yn ’e buert.

De reden fan it protest is, dat it ferklaaien as cowboy en yndiaan te ferlykjen wêze soe mei de Holocaust. Omdat cowboys ferantwurdlik wiene foar de genoside op de oarspronklike bewenners fan Amearika. Grutter kul moat noch betocht wurde. Neffens resinte ûndersiken skeaten cowboys amper, dy hiene it te drok mei de kij. Wat net sizze wol dat de yndianen net te lijen hân ha fan de blanken dy’t harren lân oerspielden. Dat ha se sels op ûnhuerige wize, oant op it punt fan útrûgjen. Op himsels is dat ien fan de grutte smetten op de minskheid.

Los fan it feit dat it hjir dus gjin boaiem hat, moat men jin de fraach stelle as men bern ferbiede moat om guon saken troch boartsjen te ferwurkjen. Hoe sit it bygelyks mei oarlochje boartsje, of ridderke, of dokterke? Kin dat lêste ek net mear om’t der in Mengele west hat? Moat it histoarysk foarstellingsfermogen fan bern eliminearre wurde? It oanfiterjen fan sokke net-besteande kwestjes is, behalve begrutlik en belachlik, ek gefaarlik. Omdat it almar fierder polarisearret. En segregaasje yn ’e hân wurket, it skieden fan befolkingsgroepen dy’t op harsels komme te stean en ynfloeden fan bûten keare.

Dat lêste komt ek út Amearika oerwaaien, en hjit ‘cultural appropriation’, oftewol kultureel taeigenjen. Soks hâldt yn dat elkenien allinne mar oan syn eigen kultuer dwaan mei. Eigen kultuer earst. Foarbyld: blanken meie gjin dreadlocks ha, gjin hiphop, rap, soul of blues meitsje. Omdat soks part fan de swarte kultuer is. Ien en oar betsjut ek dat donkere minsken gjin klassike muzyk, rock, metal of chansons meitsje meie, of yn de polonêze meirinne. It is iroanysk dat ultra-nasjonalisten net foarinoar krije wat de beropsboeroppers wol slagget.

En salang’t der weakdieren as de direkteur fan Tivoli binne dy’t foar sokke absurde protesten omlizzen gean, sil it allinne mar slimmer wurde. Wurdt der in groep minsken kweekt dy’t foar de rest fan harren libben groanysk kwetst en misledige wêze sille, en de maatskippij oant op de bonke ta ferdiele. En dat is net de rêchbonke. Want dy is der net mear."

(advertinsje)