It Fryske Gea sjocht noch gjin oanlieding om by te fuorjen

26 feb 2018 - 22:32

In winter fan noch mar in pear dagen âld is foar It Fryske Gea gjin reden om de bisten yn de natuer by te fuorjen. Omdat der noch in soad iepen wetter is, kinne de measte bisten har ek yn dit kâlde waar goed rêde, seit Tjerk Kunst fan It Fryske Gea. Allinnich by hiele strange winters, as ek de lêste wekken tichtfrieze, kin it nedich wêze om by te fuorjen, seit Kunst.

Dit winterke, dy't mooglik mar in wike duorret, stelt eins net folle foar, fynt Kunst. Allinnich fûgels dy't wjirms sykje kinne it dreech krije by lege temperatueren. Dy sille, as it langer kâld bliuwt, útwike moatte nei it suden om fretten te finen. It Fryske Gea is fierder ek wol foar it prinsipe fan natuerlike seleksje; it heart by de natuer dat yn de winter de swakste eksimplaren it net oprêde.

(advertinsje)