Tsjerke nûget ynbrekker út foar praatsje

De Pelikaantsjerke
In selstraf fan fjouwer wiken en in wurkstraf fan 50 oeren. Dat is de straf dy't in ynbrekker út Ljouwert oplein krigen hat. Hy moat nochris twa moanne de sel yn as er wer de fout yngiet.
Ut 'e tiid
De man fan 42 hat ein oktober 100 euro stellen út de kassa fan in kafee oan de Eewal yn Ljouwert. Yn desimber besocht er in kistje mei jild mei te nimmen út de Pelikaantsjerke. Hy waard trappearre en doe't er fan de treppen draafde, foel er en kaam er mei syn holle tsjin de ferwaarming telâne. Hy rekke út de tiid.
Praatsje of aktiviteit
In fertsjintwurdiger fan de tsjerke wie by de rjochtsaak oanwêzich en nûge de man út om ris del te kommen foar in praatsje of in aktiviteit. Betingst is wol dat er dan nochter wêze moat. De man rekke hjirtroch emosjoneel en sil meiwurkje oan in behanneling om fan syn alkohol- en drugsferslaving ôf te kommen.