Untfierde poppe Hannah yn goede sûnens fûn

26 feb 2018 - 21:40

De jonge poppe dy't moandeitemoarn yn it Brabânske Eersel ûntfierd waard troch har âlden, is moandeitejûn op in Dútsk fakânskepark fûn. Se is yn goede sûnens.

Hannah Simons is seis moanne âld en waard moandeitemoarn troch har âlden mei geweld út de hannen fan in fersoarger weinaam. Dêrnei naaiden se út. De plysje joech foar hiel Nederlân in Amber Alert út om minsken te freegjen te helpen by it sykjen. Immen yn Dútslân hie de auto fan de âlden sjoen en joech in tip oan de plysje.

(advertinsje)