Hurdegaripers tille flechtauto sels de berm mar yn

In lytse twa wiken lyn arrestearre de plysje yn Hurdegaryp midden yn de nacht twa ynbrekkers. Dat barde mei help fan plysjehûnen. De flechtauto dêr't de manlju yn sieten bleau nei de arrestaasje yn Hurdegaryp achter, midden op de dyk, ta grutte fernuvering fan de buertbewenners.
Buorlju fregen de plysje nei in pear dagen om de auto fuort te heljen, omdat dy bot yn it paad stie, mar de plysje ferwiisde de minsken nei de gemeente Tytsjerksteradiel. En omdat de gemeente de Hurdegaripers wer trochstjoerde nei de plysje, hawwe de buertbewenners mei in ploechje sterke manlju de auto sels mar yn de berm tild. Neffens buertbewenner Lieuwe Bouma wie dat nedich ek: de auto stie op de hoeke fan de Reidlânswei en de Reidroas yn in bocht. Passanten hiene bytiden in soad muoite om de auto te ûntwiken. Geregeld moast in Hurdegariper yn 'e achterút om in botsing te foarkommen.
De buertbewenners fine it frjemd dat de auto sa lang yn it paad stean bleau. Bouma hat de yndruk dat plysje en gemeente gjin fan beide sleepkosten meitsje woenen. De plysje lit yn in reaksje witte dat in gefaarlik parkearde auto in saak foar de gemeente is. De gemeente Tytsjerksteradiel seit yn in reaksje dat dêr gjin melding binnenkaam is oer in auto dy't gefaarlik stiet.