Jong Cambuur pakt mar ien punt op besite by hikkesluter

26 feb 2018 - 20:54

Jong SC Cambuur hat net optimaal profitearre fan it ferlies fan konkurrint NEC. De Ljouwerters pakten moandeitejûn in punt op besite by hikkesluter Jong RKC Waalwijk.

Yn Waalwijk kaam de thúsploech foar it skoft twa kear op foarsprong troch goals fan Noël de Graauw. Cambuur kaam lykwols werom yn de wedstriid troch in eigen goal fan RKC en in treffer fan Danny van Haaren. Yn de twadde helte sette Tyrone Conraad de ploech fan Dennis van der Ree sels op 2-3, mar De Graauw makke syn tredde foar Jong RKC en bepaalde de einstân op 3-3.

De Ljouwerters bliuwe op it tredde plak stean. It ferskil mei nûmer twa Jong NEC is werombrocht ta ien punt.

(advertinsje)