Boargemaster It Amelân wol nije fargeul nei eilân ta

Der moat in nije fargeul fan Holwert nei It Amelân ta komme. Dat sei boargemaster Albert de Hoop yn It Polytburo. It soal dat de fearboaten no brûke sliket konstant ticht, wêrtroch't in tredde fan de boaten te let ôfset.
Yn 2005 is bepaald dat it eastlik stik fan de Waadsee in legere ekonomyske prioriteit krijt. Dat hâldt yn dat de rûte nei It Amelân gjin haadfarwei is, yn tsjinstelling ta bygelyks Harns-Skylge. Dat moat oars, fynt De Hoop, en dêr moat it ryk foar soargje.