FIDEO: Fryske Olympyske sporters werom yn Nederlân

26 feb 2018 - 20:21

De measte Fryske sporters dy't yn Súd-Koreä yn aksje kamen, lânen moandei mei it fleantúch op Schiphol. Dêrnei waarden se huldige yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam.

Goed befallen

De huldiging yn it Olympysk Stadion is Antoinette de Jong goed befallen. "Ik fûn it moai. It is it Olympysk Stadion, mei in moai poadium, grut opsetten." De Jong wûn brûns op de 3000 meter en sulver op de ploege-efterfolging. "Ik bin der hiel bliid mei, hielendal om't myn âlden sa grutsk wienen. En oer fjouwer jier gean ik foar it goud."

"Dûbel gefoel"

"Ik fyn it fantastysk om sa thús te kommen", sei Sven Kramer. De winner fan de 5000 meter yn Súd-Koreä hie in dûbel gefoel oerholden oan de Spelen: "Ik ha in fantastyske earste wike hân, dêrnei gie it wat minder. It is in bytsje dûbel."

Sin oan natueriiswedstriid

Jorrit Bergsma, dy't sulver wûn op de 10 kilometer, sjocht mei in goed gefoel werom. "Ik hie graach myn gouden medalje ferdigene, mar sulver wie it maksimaal helbere." En mei it winterwaar yn Nederlân sjocht er al út nei it reedriden op natueriis: "Se ha it al oer de earste natueriiswedstriid, dus dêr ha 'k wol sin oan. Dat wachtsje we even ôf."

WK Sprint

Net alle Fryske sporters wienen moandei yn Amsterdam. Marrit Leenstra gie fan Súd-Koreä nei it Sineeske Changchun. Dêr docht se takom wykein mei oan de wrâldkampioenskippen sprint.

(advertinsje)