Reedrydwinkels krije it drok

26 feb 2018 - 19:43

Ride op bûtenwetter, it is noch net fertroud. Dochs binne der al wat plakken op ûnderstrûpt lân dêr't it - om de wynwekken hinne - wol krekt koe. Op in stikje fan de Jan Durkspolder by Earnewâld bygelyks en ek by it natoergebiet Easterskar fan it Fryske Gea by Rotstergaast.

De riders wienen optein oer de kwaliteit fan it swarte iis, al wie it fanwege de hurde wyn wol roetkâld. En yn winkels dêr't redens ferkocht wurde wie it flink drok. By Haico Bouma yn Aldehaske wie dy drokte ferline wike al begûn, mar kinne se it wol goed oan. Neffens Bouma bin it benammen de komfortabele redens, mei in skoech dy't je sa tichtklikke, populêr.

(advertinsje)