KNSB begrypt soargen Kramer oer takomst reedriden

26 feb 2018 - 18:43
  • Harm Weistra praat mei Carl Mureau fan it KNSB

Reedrydbûn KNSB hat begryp foar de soargen fan Sven Kramer, dy't him drok makket oer de takomst fan de profesjonele reedriders, no't noch net wis is oft alle sponsorkontrakten bestean bliuwe. Kramer sei by de NOS dat oer trije wiken 97 persint fan de riders yn de WW telâne komt. Neffens Carl Mureau fan it KNSB is dat sifer "een beetje overdreven", en sketst Kramer "een heel zwart beeld", mar hy begrypt de soargen wol: "Iedereen geeft het liefst zekerheid over de toekomst, en voor een aantal toprijders is die zekerheid er nog niet. Dat is jammer."

Fulltime

De Nederlânske topriders sitte allegearre by in kommersjeel team. Troch jild fan sponsoaren kinne se fulltime mei de sport dwaande wêze. "Daardoor halen ze zoveel medailles op de Spelen", seit Mureau.

Kânsen

Dat der no sponsoaren binne dy't net trochgean wolle, jout ek kânsen, seit Mureau. "Van de zes sponsoren hebben er twee gezegd dat ze gaan stoppen. Dat is een situatie die zich elke vier jaar voordoet. Het biedt bedrijven ook de kans om nu in te stappen, om de schaatssport te omarmen. Dat kan heel interessant zijn. Ik denk dat er geen sport in Nederland is die zoveel olympische medailles oogst als het schaatsen. En de kijkcijfers zijn ook prima. Bij de 10 kilometer, de strijd tussen Kramer, Bergsma en Bloemen, zaten bijna 3 miljoen mensen voor de tv."

"Hard aan gewerkt"

Foar de riders dy't no yn de nederklits sitte, kin it KNSB net in soad dwaan, seit Mureau. "Het begint met de prestaties op het ijs. Die waren geweldig. De commerciële mensen van de KNSB en die van de ploegen zijn druk bezig gesprekken te voeren met geïnteresserde bedrijven." Mureau dielt de soargen fan Kramer. "Ik zeg niet: 'het komt goed', ik zeg: 'er wordt hard aan gewerkt.'"

Trefwurden: 
Sven Kramer KNSB reedride
(advertinsje)