Baanperspektyf en lean VMBO-technisy better

26 feb 2018 - 18:32

Technisy op VMBO-nivo sille yn de takomst mear fertsjinje as HBO'ers yn de administrative sektor. Dat ferwachtet foarsitter Doekle Terpstra fan ynstallateurskoepel UNETO-VNI.

It perspektyf op in baan is foar de VMBO-technisy ek folle better, seit Terpstra. Der is al in tekoart oan fakminsken, en as konsuminten massaal duorsume enerzjysystemen keapje, sil dat tekoart allinne mar oprinne.

"Oant 2020 ha we al 10.000 technyske fakminsken te min", seit Terpstra, "en as we massaal duorsume enerzjysystemen pleatse litte, ferwachtsje ik in tekoart fan 40.000 technisy."

Trefwurden: 
technisy Doekle Terpstra
(advertinsje)