Jild donearaksje is foar ûndersyk nei harsens Dirk Baron

26 feb 2018 - 17:32

It jild fan de donearaksje ta neitins oan Dirk Baron wurdt bestege oan ûndersyk nei de harsens fan Dirk sels. Dat is moandeitemiddei bekend wurden doe't Dieke Broersma, de frou fan ús ferstoarne omrop-kollega mei in pear famyljeleden, de sjek fan 17.000 euro oerlange oan it Alzheimersintrum fan de VU yn Amsterdam.

It ûndersyk rjochtet him op demintens by jonge minsken. In wike foar syn ferstjerren hat Dirk in besite brocht oan it sintrum om in harsenscan meitsje te litten en bloed ôfnimme te litten. Dêrmei kinne ûndersikers ynformaasje út syn sitewaasje helje.

Direkteur Philip Scheltens fan it sintrum is hiel bliid mei it jild. Sokke jeften komme net faak foar. Se kinne der in soad foar dwaan. It ûndersyk kostet in soad tiid en jild. Mei dit jild kinne se in flinke stap sette en wolle se in oplossing foar de sykte fine. In promovendus sil dêr de kommende twa jier mei oan de gong.

Yn novimber ferline jier naam Dirk Baron yn 'e âldens fan 37-jier ôfskie fan it libben.

(advertinsje)