Jong Hearrenfean fergruttet foarsprong nei winst yn topper

Pelle van Amersfoort yn aksje by Hearrenfean 1 © www.awfoto.nl
Jong sc Hearrenfean hat moandeitemiddei de topper tsjin Jong NEC mei 4-2 wûn. De Feansters binne koprinner, de ploech út Nijmegen stie twadde.
Op it keunstgers fan Hearrenfeanse Boys sette Nemanja Mihajlović de thúsploech nei tsien minuten op 1-0. Dat wie ek de stân by it skoft. Betiid yn de twadde helte makke Henk Veerman de 2-0 en dêrnei Pelle van Amersfoort de 3-0. Hicham Haouat die wat werom foar Jong NEC, mar dêrnei rûn de ploech fan Chris de Wagt út nei 4-1 troch noch in goal fan Van Amersfoort. Yn de lêste minút skoarde Mex Bakker noch foar Jong NEC.
Troch de oerwinning fergruttet Jong Hearrenfean de foarsprong op Jong NEC nei seis punten.