Advys fan Frysk iisbûn: bliuw fan it iis!

26 feb 2018 - 17:06

Bliuw fan it iis: dat is it advys fan it Frysk iisbûn dat se moandeitemiddei dogge. Ride op natueriis kin noch net, dêr is noch folle mear iis en froast foar nedich. Der kin op dit stuit allinnich feilich riden wurde op Thialf op It Hearrenfean en op de Elfstedenhal yn Ljouwert, sa lit it bûn witte. "Mei it stilsetten fan de gemalen en it ynstellen fan it farferbod binne der maatregels naam om de groei fan it iis makliker te meitsjen. It is no ôfwachtsjen wat de winter docht", seit iismaster Sytse Kroes.

Benammen troch de hurde wyn leit noch in soad wetter iepen. Op www.friescheijsbond.frl stiet in kaart fan Fryslân. As der plakken grien kleurje, kin dêr feilich riden wurde.

Trefwurden: 
iisbûn iis
(advertinsje)