Ljouwerter F-16's begeliede tastel mei Olympyske sporters

26 feb 2018 - 16:16

Twa F-16's fan de fleanbasis Ljouwert begeliede moandeitemiddei it tastel mei olympyske sporters. Dat is ûnderweis fan Seoel nei Schiphol. De F-16's hawwe it tastel oppikt boppe de Nederlânske grins. Dêrnei makken de trije fleantugen in rûntsje boppe Noard-Fryslân, mooglik omdat sa'n soad Fryske sporters suksesfol wienen yn Súd-Koreä. It liket wol oft se in 400-meterbaan yn de loft makke ha.

Nei oankomst op Schiphol gean de sporters troch nei it Olympysk Stadion yn Amsterdam. Dêr wurde se oan it begjin fan de jûn huldige. Yn twa paviljoens, paviljoen Ireen en paviljoen Sven, binne famyljeleden fan de sporters oanwêzich.

Trefwurden: 
Olympyske Spelen F-16
(advertinsje)