FIDEO: Snie op It Amelân

26 feb 2018 - 16:08

Op It Amelân, en ek op de oare Waadeilannen, is moandei snie fallen. Op It Amelân leit op guon plakken al sa'n fiif sintimeter snie. Nei alle gedachten falt ek de kommende dagen noch flink wat snie. Dat is it gefolch fan it 'snow-lake-effekt', in waarfenomeen dat yn Amearika geregeld foarkomt, mar net folle yn Nederlân. 

De snie ûntstiet trochdat de iiskâlde lucht oer it waarmere seewetter lûkt, dit soarget dat sniebuien ûntsteane. Dizze sniebuien beheine har ta de Waadsee en de noardlike kustgebieten. Sadree't de buien boppe lân komme, falt de lêste snie derút omdat dêr gjin nije buien ûntstean kinne.

Trefwurden: 
snie It Amelân
(advertinsje)