Plysje freget ek Friezen om út te sjen nei ûntfierde poppe

26 feb 2018 - 16:08

De plysje freget ek ynwenners fan Fryslân út te sjen nei de ûntfierde poppe Hannah Simons. Alden fan it famke hawwe har moandeitemoarn by in supermerk yn Eersel yn Brabân mei geweld út de hannen fan in fersoarger weinaam. Se binne yn in swarte Mercedes mei kenteken 94-GK-PB útnaaid. Omdat de plysje gjin idee hat wêr't se hinne gien binne, is in Amber Alert útjûn foar it hiele lân.

Minsken wurdt frege út te sjen nei de auto en de man en frou mei de poppe fan 6 moanne. It advys is om de minsken net sels te benaderjen, mar fuortdaliks de plysje te beljen.

(advertinsje)