Trio brekt 15 kear yn en krijt selstraffen

26 feb 2018 - 15:51

Trije manlju út Eaststellingwerf, Leek en De Haule ha selstraffen krigen foar in grut tal ynbraken by sportferieningen, autowasksintra en klupgebouwen yn Fryslân en Grinslân. De twa Friezen moatte twa jier sitte, de helte dêrfan ûnder betingst. Yn totaal ha de dieven 15 ynbraken dien yn ûnder oaren Kollum, Koatstertille en Fryske Peallen. Se namen laptops, drank en ek in sitmeanmasine mei. Fan de opbringst kochten se drank en drugs.

De saak kaam oan it ljocht doe't de eigener fan in waskstrjitte bylden fan bewakingskamera's op Facebook pleatste. Se moatte njonken de selstraf 5.000 euro werombetelje oan dupearren.

Trefwurden: 
selstraf stellerij
(advertinsje)