Hotels en hoareka dogge goede saken troch Kulturele Haadstêd

28 feb 2018 - 10:00

De hotels en hoareka yn Ljouwert hawwe yn it earste part fan 2018 goede saken dien. It kulturele haadstêdjier is no hast twa moanne los. As it goed is, moat dit kulturele jier ekonomysk sjoen flink wat opsmite en hiel wat minsken nei Ljouwert en Fryslân lûke. Doel is dat der fjouwer miljoen besiken brocht wurde.

In soad hoareka

Yn it iepeningswykein wie it smoardrok yn 'e Ljouwerter hoareka. "Guon saken hawwe in wykomset draaid'', fertelt Melle Bakker, foarsitter fan de keninklike hoareka Ljouwert. Der binne de lêste jierren flink wat nije saken yn 'e Fryske haadstêd bykommen. Yn 2012 telde Ljouwert 27,8 hoarekabedriuwen op 10.000 ynwenners, yn 2017 wiene dat der 30,6. Dat is in groei fan 10 prosint. "Der is de lêste jierren in soad leechstân yn it sintrum ûntstien. It is dan hiel maklik om dit te foljen mei hoareka,'' seit Bakker.

Ljouwerter hoareka-ûndernimmers fine dat de gemeente hjir foarsichtich mei wêze moat. Tagelyk fynt Bakker ek dat it gewoan by de frije merkwurking heart. "In ûndernimmer dy't in nije saak iepenet, hat goed ûndersyk dien en tinkt dat it út kin. Dêrneist is it in moaie stimulâns foar besteande ûndernimmers om noch better harren bêst te dwaan. Dat is allegearre goed foar de kwaliteit.''

Iepeningswykein lûkt besikers

Neffens Herman Schreuder, direkteur fan hotel Post Plaza, gie it echt los nei it iepeningswykein. "Binnen 24 uur na de uitzending op de NPO werd er 800 keer bij ons geboekt, dat is ongekend.'' Sa wurdt der foaral boekt op data as De Reuzen der binne en as de Stormruiter opfierd wurdt.

Hotels moatte it net allinnich fan toeristen hawwe, mar ek fan kongressen. Normaal binne der sa'n trije kongressen yn it jier, dit jier binne dat der njoggen. Sa as oer de Waadsee, fan alle WTC's yn 'e wrâld, it kulturele kongres ISPA, en dêr't wy as Omrop sels by belutsen binne: de Circom. Dat is in grut kongres fan alle regionale omroppen yn Europa. "Een deel van de congressen heeft een aanknopingspunt met culturele hoofdstad, anders hadden we niet zoveel congressen hier gehad,'' is Schreuder fan miening.

Nije hotelkeamers

Der binne de lêste jierren in soad nije hotelkeamers yn de gemeente Ljouwert bykommen. Noch net sa lang lyn wiene dat der ûngefear 500 en no binne dat der sa'n 650. Sa binne it Fletcherhotel en Post Plaza útwreide en is it nije Van der Valk hotel der bykommen. Boppedat is de besetting fan de hotels ek omheech gien. "We moesten van ver komen. In 2015 was de hotelbezetting in Leeuwarden tussen de 50 en 60 procent,'' fertelt Herman Schreuder, dy't ek foarsitter is fan it Ljouwerter Hoteloerlis. "Nu is dat zo'n 70 tot 75 procent en dat is gezond.'' Hy ferwachtet dat it ek nei 2018 allegearre út kin. "We moeten nu zaaien en een mooie beleving bij de gasten neerzetten zodat we de komende jaren kunnen oogsten.''

Yn it bidbook fan Kulturele Haadstêd stiet as doel dat 90 prosint fan de toeristen yn 2019 noch in kear nei Fryslân komme moat. Dêrneist soene der alle jierren oant it jier 2023 fiif prosint mear toeristen hjir hinne komme moatte.

Trefwurden: 
LF2018 hotel hoareka
(advertinsje)